![]() |
Gedicht in het Fries als verslag van de vrijwilligersbijeenkomst van de PKN Dronrijp e.o. in 2012 |
zaterdag 13 april 2013
Ferslach Moetingsgroep PKN Dronryp fan gearkomste 16 novimber 2011
In de gearkomsten fan de Moetingsgroep wurd
faaks Frysk sprutsen, mar do kinst ek wol Nederlânsk prate. Miskien krigst dan
wol it antwurd yn it Frysk werom. De slogan 'Praat mar Frysk' is dus ek fan
tapassing op dizze groep. Jo moat wol skeakele kinne.
Dizze jûn wie de gearkomste by Lammie
Brandwijk en gong oer Praktysk Atheïsme. De definysje fan in praktysk atheïst
is dat ien wol leauwt in God, mar libje as Hij net bestiet en Him net freezje.
Oan de start van de gearkomste hawwe wy twa lieten songen en in gebed wart
útsprutsen. Dernei gong it oer de betsjutting fan “freze” en of wy sels freze
ha foar God. It Hebrieuwske wurd foar “freze” betsjut ûntsach of eangst,
ôfhinklik fan de kontekst. Eltse oanwêzige ha wol ûntsach foar God, mar net
eltsenien hat eangst foar God. By de fraach of wy God op nûmer 1 yn ús libben
ha, kaam eltsenien ta it ynsicht dat dat net sa is. Dat it soad kontakt mei God
faaks net in ferhâlding is sa as mei it kontakt mei freonen. It ein fan de jûn
gong oer 'supermerk kristendom'. 'Supermerk kristendom' hâldt yn datsto
allinnich die stikken fan it kristendom brûkst wat dy utkomt, mar oare stikken
litst lizze. Bygelyks, do wolst wol genede, leafde en help, mar list it rjocht,
hillichheid en help jaan oan oaren, lizze. Do makkest dyn eigen God. Under it
petear oer God gong it ek oer tsjerkerigeltsjes en oer de fraach werom dasto dy
oanslútst by in tsjerkemienskip. As ôfsluting ha wy wer songen en in ôfslutend
gebed wart útsprutsen. Dizze jûn hat my wol oan it tinke set.
De folgjende gearkomste is tiisdei 21
febrewaris 2012 mei Ali Stork as gastsprekker. Skriuw dizze jûn alfest in jim
aginda!
(Verslag Ontmoetingsgroep PKN Dronryp van de bijeenkomst van 16 november 2011)
(Verslag Ontmoetingsgroep PKN Dronryp van de bijeenkomst van 16 november 2011)
Abonneren op:
Posts (Atom)